Kollum: "Start"

07 feb 2018 - 07:56
  • De Toan fan Eelke Lok

"Fryslân is hielendal gek yn 'e holle wurden fan de earste suksessen fan de Kulturele Haadstêd. Dêrom komt der no in pear ton kostjend ûndersyk nei oft we hjir oer in pear jier ek de start fan de Tour de France krije kinne. Of miskien de Giro. En as dat net kin, desneeds de Vuelta. Want we hawwe de wrâld hjir no, dy wolle we net wer kwyt. We krije hjir no 4 miljoen besikers, dat smyt in soad op. As it ûndersyk aanst útwiisd dat it safolle tsientallen miljoenen kostje moat, ach dan hawwe we dat noch wol yn de kontbûse. Dan is Ljouwert mar in pear jier langer de earmste stêd fan it lân. Want in start fan in grutte ronde kostet inkeld mar jild, dêr komt net in kwartsje fan werom. Mar dat hinderet neat. Friezen bliuwe net sitten, dy gean stean, sjongt Gurbe. Olé.

Ik sjoch it al foar my. In Frysk fytsfeest mei giel ferve greiden. Joop Atsma foarsitter fan de organisaasje. Pieter Weening foar it startskot as de kening net kin. Lieuwe Westra fertelt yn 375 ynterviews alles oer Fryslân, oant en mei de lêste tegel. Ald-hurdfytser Jan van Erve regelet de sponsoring, en Luuc Eisinga, ek al besibbe yn dy hurdfytswrâld, regelet dat it Abe Lenstra Stadion start en finishplak is. Hy lit it byld fan Abe fermeitsje ta dat fan Bauke Mollema. Olé.

De flaggen op 'e alle tuorren, en de tsjerkeklokken liede yn hiel Fryslân as it startskot giet. De prolooch is in tiidrit op de Ofslútdyk, mar net fierder as it monumint. Se ride ien foar ien, dus moai tiid om de prachtige bylden fan in fol wynmûnen stampte Iselmar sjen te litten. De oare deis fansels lâns en troch de alve stêden. Dêr stean dan miljoenen lju, we kinne de fonteinen net iens mear sjen. Olé.

Wat fantastysk dat it hjoeddeiske provinsjale bestjoer dit inisjatyf naam hat. Wy hiene altyd it smoar yn dat Grinslân en Drinte it wolris dien hawwe en wy net. Dêr kin we net oer. Mar fanwegen de hillige noardlike gearwurking dogge we fansels Grinslân en Drinte al efkes oan. Dus healwei oer De Harkema nei Bauke syn berteplak Súdwolde en dan ek in stikje klinkers yn Drinte. Dêrom hawwe Fryske bestjoerders har no al hielendal akkoart ferklearre dat der tenei alle simmers in wrâld fan leven fan út Assen nei Bontebok oerwaait as it TT sirkwy yn Assen omboud wurdt foar F1 auto's. Verstappen en dat gedoch. Ik sjoch dêr nea nei, want sporten wêryn't óf motoaren óf de ynhâld fan hynders it wichtichste binne, binne foar my gjin sporten.

Ik ha eartiids as lyts jonkje, in jier as sân acht wie 'k, wol de breipriemmekoker fan ús mem stellen. De breidpriemmen der úthelle. Dan hie 'k tweintich kleurde stuiters en dy hie 'k allegear nammen fan Tour de France fytsers jûn, Anquetil, Gaul, Darrigade, Bahamontes, Geldermans, Zilverberg, Nijdam en sa. Dy stuiters rûgele ik troch de koker dy't oan ien kant op wat boeken lei. Dan skreau ik op wa't earst wurden wie en sa fierder.

Dus as de Tour de France hjir komt, gean ik der tink wol efkes hinne. Yn De Lemmer of sa, want dêr leit dan tink ik noch alles fan de diken ferkeard, dus dêr donderje se allegear del, altyd it hichtepunt yn in etappe. Ik stean tusken de miljoenen, meitsje in selfy as de fytsers dêr oankomme en skarrelje dêrnei fleurich wer nei hûs troch de berch plestik rotsoai, dy't út sa'n karavaan kwakt wurdt. Hinderet neat, it makket ús greiden einlik kleurich.

Mar ik moat mysels en jim teloarstelle. Binnen in wike barde der wat ûnfoechs, wêrtroch't dat hiele gefoel oer dit fantastyske eldorado, dizze hearlike provinsje yn ien kear nei de ferdommenis waaide. Der wie in amtner dy't yn in kâld briefke de ynwenners fan Eastermar dúdlik makke dat it as steunlûker gjin inkeld doel hat om fan dy steun lotten te keapjen, sels net fan in goed doel aksje. As je wat winne: hjirre, daliks ynleverje. Sá gau sá'n brief stjoere. Sa lang as ús amtlike wrâld diersoarte sokke minsken hat, en der binne bazen dy't it ek noch goedkarre, binne alle aardichheden en oarichheden yn dizze provinsje net mear mooglik. En hoege se om my ek net mear."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(advertinsje)