Streppel: "Wedstrijd weggegeven in de eerste helft"

Nei in goede start fan it jier, ferlear SC Hearrenfean tiisdeitejûn de earste kompetysjewedstriid fan 2018. De ploech fan trainer Jurgen Streppel gie mei 3-2 ûnderút by PEC Zwolle. De wedstriid waard eins al ferlern yn de earste helte. PEC spile Hearrenfean geregeld fan de matte. "Dit is frustrerend. We zitten in een goede fase. En om de wedstrijd dan zo weg te geven in de eerste helft, dat is heel erg vervelend."
"Onherkenbaar slecht"
Streppel werkende syn spilers net yn de earste helte: "De eerste helft was onherkenbaar slecht. Ik heb geen idee waarom. Als je zo slordig aan de bal bent en de bal inlevert, dan wordt het 'ren je rot'. Daar kan Zwolle gewoon te goed voor voetballen. We geven het weg in de eerste helft."
Fearkrêft
Dochs wie it net allinnich mar frustraasje by Streppel. Hy seach ek dat syn alvetal fearkrêft toande yn de twadde helte. Se kamen werom fan 2-0 oant 2-1 en fan 3-1 oant 3-2. It wie net genôch foar in lykspul of de winst, mar Streppel wie foldien mei de ynspanningen fan syn ploech yn dy twadde helte: "We hadden meer lef in de tweede helft. Dat is wat wij kunnen en moeten doen. We tonen veerkracht en ik dacht zelfs dat we nog een punt hadden kunnen pakken."
Kommende sneon spilet Hearrenfean thús tsjin Roda JC.