Oprop ta moardoanslach op Sinteklaas by yntocht yn Dokkum

© Omrop Fryslân, Lars Hoekstra
De stêd Dokkum is mei de yntocht fan Sinteklaas ûntkaam oan in oanslach. De oanfierder fan de ekstreemlinkse aksjegroep De Grauwe Eeuw wurdt fertocht fan it oproppen ta in moardoanslach. Hy hie it foarsjoen op de akteur dy't Sinteklaas spile.
Der soe in strafrjochtlik ûndersyk rinne tsjin de fertochte, nei oanlieding fan in berjocht dat ôfrûne oktober op Facebook stie. De Grauwe Eeuw-foarman rôp dêryn op Sinteklaas te deadzjen ûnder de yntocht yn Dokkum. Dêrby soene bern bedutsen wurde moatte ûnder stikken harsens en bonksplinters, sa skreau de fertochte. "Zo zijn we voorgoed van dat feest af."