Kartonbedriuw Snits ûntromme om brân, en net foar it earst

De brânwacht fan Dryts moast der tiisdeitejûn oan te pas komme om in brân te blussen by it kartonbedriuw Graphic Packaging yn Snits. Meardere pallets papier stienen yn de brân, en dêr kaam in protte reek by frij.
Mei in heftruck ha meiwurkers fan it bedriuw de brânende pallets it gebou út riden. It bedriuw is ûntromme. Yn jannewaris wie de brânwacht ek al by it bedriuw yn Snits. Doe wienen der meardere eksploazjes fanwege in tsjettel oalje dy't te hyt wurden wie.