Fryske golfklups moatte mei de tiid mei om te oerlibjen

06 feb 2018 - 23:02

Golfklups moatte har oanpasse oan de nije tiid. Dat wie it boadskip op it nasjonale golfkongres ôfrûne wykein. It slagget de measte klups mar net om de saneamde 'spotify'-generaasje binnen te heljen. It giet dan om tritigers en fjirtigers mei bern. Dy ha in drok libben en dus amper tiid om op in sneontemiddei 18 holes te rinnen.

Fryske golfklups sjogge dat probleem al langer en bin der mei oan de slach gien. Bygelyks de Ljouwerter golfklup. Sûnt 2009 hie de klup te krijen mei in weromrinnend ledetal. Dit jier gie it foar it earste de goede kant wer út. Neffens foarsitter Geertsma hat dat te krijen mei feroaringen binnen de klup. Sa binne prizen omleech brocht en ha leden ek it rjocht op oare banen te spyljen.

Ek binne der tal fan arranzjeminten foar minsken dy't gjin lid wurde wolle, mar al golf spylje wolle. Dat is ek de oplossing by de golfbaan yn Gaasterlân: "Minsken komme graach as alles goed op de rit is. Dus dat je in moaie baan ha en dêrneist ek oare goede fasiliteiten. De ynkomsten kinne wy wer brûke foar it ûnderhâld fan de baan."

Trefwurden: 
golfklups golf
(advertinsje)