Provinsjehûs yn Ljouwert alle moannen iepen foar publyk

06 feb 2018 - 22:52

Yn it jier fan Kulturele Haadstêd wurdt it provinsjehûs yn Ljouwert in museum. Alle moannen, op de lêste freed en sneon fan de moanne, geane de doarren iepen foar it publyk. De keunstwurken dy't tentoansteld wurde, komme út de eigen kolleksje fan de provinsje Fryslân.

De provinsje hat hûnderten keunstwurken, ûnder oare út de tiid dat keunstners op kosten fan regionale oerheden oan it wurk wienen. Dy wurken lizze no noch yn de kelder fan it provinsjehûs. Op 30 maart is de kolleksje foar it earst te sjen.

Trefwurden: 
provinsjehûs museum keunst
(advertinsje)