SC Hearrenfean ûnderút tsjin PEC Zwolle

06 feb 2018 - 22:45
  • Trainer Jurgen Streppel
  • Ferdigener Kik Pierie
  • Oanfierder Stijn Schaars

SC Hearrenfean hat mei 3-2 ferlern yn de útwedstriid tsjin PEC Zwolle. De thúsploech begûn sterk oan de wedstriid. Se krigen kâns op kâns en nei 23 minuten makke Wouter Marinus de 1-0 foar PEC Zwolle. Noch gjin fiif minuten letter skoarde Younes Namli de 2-0. Beide manlju spilen earder foar SC Hearrenfean.

Yn de twadde helte kaam SC Hearrenfean better yn de wedstriid. Nei 69 minuten makke Denzel Dumfries de 2-1. It antwurd fan PEC kaam koart dêrnei: Mustafa Saymak sette de 3-1 op it skoareboerd. Yn de 80e minút kaam Hearrenfean opnij werom yn de wedstriid. Reza Ghoochannejhad makke de 3-2 op oanjaan fan Denzel Dumfries. SC Hearrenfean jage noch op de lykmakker, mar PEC Zwolle koe maklik stânhâlde.

Nei dit ferlies stiet Hearrenfean op it achtste plak mei 30 punten út 21 wedstriden.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(advertinsje)