Fernuvering oer kommunikaasje sloop wenten Easterwâlde

06 feb 2018 - 22:35

Riedsleden fan de gemeente Eaststellingwerf hawwe tiisdeitejûn by de kommisjefergadering mei fernuvering reagearre op de kommunikaasje oer de sloop fan 44 huzen yn de wyk Haerenkwartier yn Easterwâlde. Wenningboukorporaasje Actium ferstjoerde moandei in brief mei dit nijs oan de bewenners. Neffens de ChristenUnie die doe pas bliken foar de bewenners dat harren hûs sloopt wurdt. Neffens GrienLinks like dat nearne op.

Problemen

It Haerenkwartier is sûnt 2010 in oandachtsgebiet yn it projekt Oandachtsgebieten Stellingwerven. Yn de wyk steane allinne sosjale hierwenningen. Dizze 171 wenningen binne boud yn de jierren '60. Se binne net goed isolearre en dat soarget foar siich-, focht- en skimmelproblemen. De 127 wenningen dy't net sloopt wurde, wurde renovearre. Foar de 44 wenningen dy't sloopt wurde, komt nijbou werom. Actium ynvestearret 14 miljoen euro en dêrmei moat de wyk der aanst wer 25 jier tsjinoan kinne.

Drege petearen

Yn de kommisjefergadering sei manager Marcel van Halteren fan Actium dat it in swiere boadskip wie. "Je zult maar horen dat je huis gesloopt wordt." De wenningboukorporaasje praat nije wike yn twa sesjes mei de bewenners oer de fierdere gefolgen fan dit beslút. Dat wurde drege petearen, seit Van Halteren: "Het lukt nooit om met iedere inwoner tot overeenstemming te komen over sloop, renovatie of niets doen. Met een blokje van acht woningen krijg je nooit iedereen mee."

Klankboerdgroep

Wethâlder Engbert van Esch seit dat der fan begjin ôf oan mei in protte minsken út de wyk praat is, om alle winsken yn kaart te bringen. "Dan mag je dus vaststellen dat we een beeld hebben van wat er speelt. Er is een klankbordgroep van twintig mensen gevormd om met Actium te praten."

It is noch net dúdlik wannear't de sloop úteinsette sil.

(advertinsje)