PvdA Snits hat noed oer takomst bernebuorkerij

De bernebuorkerij fan Snits © Omrop Fryslân, Andries Bakker
De Partij van de Arbeid makket him soargen oer de takomst fan de bernebuorkerij yn Snits. Dy kin wolris ferdwine fanwege de útwreiding fan it soarchkompleks dat der neist leit, stelt de partij. De gemeentefraksje wol no fan boargemaster en wethâlders witte oft der praat wurdt mei de minsken fan de bernebuorkerij oer in alternative lokaasje.
De bernebuorkerij leit oan de Harste yn Snits, neist it soarchsintrum De Ielânen.