Trochsneed fermogen Friezen is tanaam, mear miljonêrs

It trochsneed fermogen fan Friezen is yn 2016 mei 10 prosint tanaam. Dat docht bliken út de nijste fermogenssifers fan it Sintraal Buro fan de Statistyk (CBS). Dêrby falt op dat de Friezen mei it measte trochsneed fermogen wenje op It Amelân en Skiermûntseach. Op dy twa Waadeilannen is dat mear as 150.000 euro. Neffens ekonoom Peter Hein van Mulligen fan it CBS is de groei te ferklearjen troch de tanimmende hûzeprizen.
Mear miljonêrs
Ek it tal miljonêrs is tanaam. Yn 2015 wienen dat 4000 Friezen, in jier letter leit dat getal op 5000. De top trije bestiet út de gemeente Súdwest-Fryslân mei 800 minsken, de gemeente Fryske Marren mei 500 minsken en ek yn de gemeente Ljouwert wenje 500 miljonêrs. It binne benammen de senioaren, dy't har ta dizze groep rekkenje meie. "Een verklaring is dat veel senioren geen hypotheekschuld meer op hun woning hebben. Door de stijgende huizenprijzen groeit hun vermogen."
Bystân
Neist it hege tal miljonêrs yn de gemeente Ljouwert hat ek dizze gemeente just in grut oantal minsken mei in leech fermogen. "In grotere steden, zoals Leeuwarden, zie je vaak meer mensen die in de bijstand zitten."