"Oandacht ynternasjonale media goed foar toerisme Fryslân"

06 feb 2018 - 21:34

De ynternasjonale mediabelangstelling foar Kulturele Haadstêd is goed foar it toerisme yn Fryslân. Dat seit deputearre Sietske Poepjes fan kultuer. De provinsje profitearret foaral fan publikaasjes yn Dútske en Ingelske media, seit se. "Dat binne de lannen, dêr't wy ús toeristen wei helje wolle." De provinsje wol 50 miljoen minsken fan bûten Nederlân berikke. "Dat slagget absolút!", seit Poepjes.

De ynternasjonale belangstelling hat noch in oar belangryk effekt neffens de deputearre. "As wy bekendheid krije op it ynternasjonale fjild - yn de Dominikaanske Republyk binne kranten te finen, dy't mei foto's en al oer de Kulturele Haadstêd skriuwe - dan krije ús nasjonale kranten en telefyzjestjoerders der ek ynienen wer lucht fan. En dat is wolris in bytsje efterbleaun. Ik tink dat dat miskien ek wol wat mei de 'Randstedelijke blik' út te stean hat. Mar dy minsken komme der ek hieltyd mear op werom. Je sjogge dat der yn de rest fan Nederlân hieltyd mear belangstelling foar Fryslân is", sa seit Poepjes.

(advertinsje)
(advertinsje)