Biologysk boer Engwerda wol Nederlânske steat oankleie

06 feb 2018 - 21:18

Biologysk melkfeehâlder Gerben Engwerda fan Tytsjerk wol de Nederlânske steat oankleie, om foar te kommen dat hy kij nei de slacht bringe moat. Hy hie noch de hoop dat de Twadde Keamer dat foarkomme soe. In moasje fan SP-Keamerlid Frank Futselaar, om biologyske melkfeehâlders mear romte te jaan, helle it net.

'Ferrotte'

Engwerda fynt it 'typysk' foar it Nederlânske lânboubelied. Dat is neffens him 'ferrotte' en benammen rjochte op de yntinsive feehâlderij. As der neat feroaret, moat hy sa'n tweintich stiks fan syn Frysk readbûnte en swart Frysk-Hollânske kij nei de slacht bringe.

Engwerda is yn 2015 begûn mei ynvestearjen. Hy hat syn stâl útwreide en ekstra kij kocht. Om't Nederlânske boeren tefolle dong produsearje, moat de feesteapel werombrocht wurde oant it nivo fan begjin 2015. Om't hy op papier tefolle kij hat, wurdt hy no al koarte op syn molkjild.

Gjin each

It stekt Engwerda dat de polityk gjin each hat foar lytse biologyske boeren. "Wy buorkje folslein duorsum, jouwe kij de romte en leverje goede molke. In dongprobleem ha wy ek net. En krekt dizze groep wurdt straft." De melkfeehâlder hat syn hoop no earst fêstige op it Europeesk Parlemint. Dat soe opkomme moatte foar de lytsere biologyske boeren, dy't ek noch wurkje mei seldsume kowerassen. As der neat feroaret, is it foar Engwerda 'ein oefening'. "It wurdt dreech de saak sa rendearjend te hâlden. Dan moatte de kij nei de slachter", sa seit er.

(advertinsje)