Garânsjefûns hat gjin profyt fan útferkochte Stormruiter

06 feb 2018 - 20:53

It garânsjefûns dat de provinsje Fryslân mei de gemeente Ljouwert en it Fûns Poadiumkeunsten opset hat, profitearret net fan it sukses fan it útferkochte muzykteäterspektakel De Stormruiter. It fûns is der, om foar te kommen dat organisatoaren fan Kulturele Haadstêdproduksjes yn de problemen komme. 

Yn it fûns is in miljoen euro beskikber foar foarstellingen, dy't foar de finânsjes ôfhinklik binne fan kaartferkeap. As in foarstelling jild oerhâldt, floeit dat werom yn it garânsjefûns. De Stormruiter hie gjin oanfraach yntsjinne om oanspraak te meitsjen op de garânsjes en hoecht dus ek gjin jild yn it fûns werom te stoarten.

Kulturele Haadstêdaktiviteiten dy't wol in oanfraach yntsjinne ha, binne Finestra Aperta, Opera Spanga, Strangers on stage, Lost in the greenhouse, De bestimming, De klokken fan Berltsum, Lûd fan de Middelsee en Marijke Muoi.

(advertinsje)