Ald-Cambuurspiler Hoogma nije direkteur topfuotbal KNVB

06 feb 2018 - 19:02

In âld-Cambuurman wurdt de nije direkteur topfuotbal fan it KNVB. Nico-Jan Hoogma (49) begjint op 1 maart yn dy funksje. Hoogma waard berne op It Hearrenfean. Yn 1989 makke hy by Cambuur syn debút yn de earste difyzje, dêrfoar spile er by amateurhaadklasser vv Drachten. Yn 1992 waard er mei Cambuur kampioen fan de earste difyzje.

As direkteur topfuotbal wurdt Hoogma ferantwurdlik foar ûnder oare it Nederlânsk alvetal, Jong Oranje en it heechste frouljusteam. Hoogma tekene syn kontrakt by de KNVB tiisdei op itselde momint dat Ronald Koeman oansteld waard as nije bûnscoach fan Oranje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)