Fryslân hat primeur mei 'tûk' krúspunt by Húns

It earste 'tûke' krúspunt fan Fryslân is sûnt tiisdei te finen op de N359, de dyk tusken Ljouwert en Boalsert. Dêrmei hat Fryslân neffens de provinsje de wrâldprimeur. It idee kaam net fan de provinsje sels, mar is in boargerinisjatyf. Sijbren van der Velde betocht spesjale matriksbuorden, dy't registrearje oft der ferkear oankomt op it krúspunt by Húns en Leons. As dat net sa is, stiet op it boerd dat je gewoan 100 kilometer de oere ride meie. Komt der wol wat oan, dan jout it boerd oan dat je 70 ride moatte. Sa hoege minsken net te remjen as der neat oankomt.
De buorden binne tiisdeitemiddei offisjeel yn gebrûk naam troch deputearre Sietske Poepjes. De provinsje wie al langer dwaande mei it feiliger meitsjen fan de dyk en is tige wiis mei it boargerinisjatyf fan Van der Velde. Mei in presintaasje wist hy de provinsje fan syn plannen te oertsjûgjen. Hy is dan ek bliid dat der op dizze manier in feiligere situaasje by it krúspunt ûntstiet.
De matriksbuorden binne ferbûn mei lussen, dy't no ûnder it asfalt lizze by de opritten fan de N359. It kin wêze dat se it de kommende wike noch net goed dogge. Oant 15 febrewaris wurde se test en dêrnei binne se neffens de provinsje 100 prosint betrouber.