Mear lead stellen yn Dokkum

14 jun 2012 - 13:05

Der is noch in oanjefte dien fan stellerij fan lead fan in skoalgebou yn Dokkum. Fan in leechsteand skoalgebou oan de Hantumerwei blykt ek noch 75 meter lead stellen te wêzen. Dat is nei alle gedachten bard yn deselde perioade as de stellerij fan de foarige meldings.

Ferline wike makke de plysje melding dat fan fjouwer iepenbiere gebouwen 180 meter lead fan it dak stellen wie. It gie om de biblioteek en fjouwer skoallen.

Trefwurden: 
lead
(advertinsje)