Fearboaten farre op gas

© Omrop Fryslân / Dirk Jan Haarsma
It plan om de boaten Harns-Skylge en Harns-Flylân op ierdgas farre te litten komt in grutte stap tichterby. Yn Den Haag wurdt dêr tongersdei in saneamde Greendeal foar sletten mei minister Verhagen fan Ekonomyske Saken.
It plan foar in ierdgastankstasjon foar boaten yn Harns bestiet al langer. No is der ek in helberheidsstúdzje dien. Der is gearwurking socht mei de havens fan Rotterdam en Zeebrugge. Boppedat wurde de Europeeske regels meikoarten oanskerpe. Dan meie der minder skealike stoffen út de pipen fan skippen komme.
Farren op ierdgas is tsien kear sa skjin as op disel, seit inisjatyfnimmer Energy Valley fan boaten op ierdgas. Der komme gjin nije boaten, mar de besteande boaten wurde geskikt makke foar ierdgas.