Fryske dielnimmers oan de Spelen: Sjinkie Knegt

© ANP
Oer trije dagen is it safier, de Olympyske Spelen yn Pyeongchang (Súd-Koreä). Fansels komt der ek in flink tal Friezen yn aksje by it reedriden en it shorttrack. Mar wa binne dat, wat binne harren bêste prestaasjes by de Olympyske Spelen en wat binne de kânsen op in medalje?
Sportredakteuren Koos Wieling en Roelof de Vries dogge de kommende wike alle dagen in foarsizzing oer in Fryske Olympyske sporter. Hjoed it oardiel oer Sjinkie Knegt.
Namme: Sjinkie Knegt
Wenplak: Bantegea
Bertedei: 05-07-1989
Sport: shorttrack
Ofstannen: 500, 1000, 1500 en ôflossing
Olympyske resultaten: 2010 Vancouver - 28e op de 500 meter, 11e op de 1000 meter, 14e op de 1500 meter
2014 Sotsji - 8e op de 500 meter, 3e op de 1000 meter, 12e op de 1500 meter, 4e op de ôflossing
De kânsen fan Sjinkie Knegt neffens sportferslachjouwer Roelof de Vries:
Sjinkie makket op elke ôfstân kâns op in medalje. Gewoanwei is de 500 meter syn minste ôfstân, mar ferline jier waard hy op dy ôfstân wrâldkampioen. Mar de ferwachtingen binne heech. Miskien wol te heech. By hast elke ôfstân binne der wol seis of sân shorttrackers dy't kâns meitsje op in medalje. Sjinkie moat benammen sjen nei de Koreanen, de Rus Elistratov, de Kanadezen Hamelin en Girard, de Hongaarse bruorkes Liu en op de 500 meter is de Sinees Dajing Wu de te kloppen man. By de Koreanen binne foaral Hwang en Lim sterk, mar ek Seo, Kwak en Kim binne gjin koekebakkers. Gelokkich ride der net mear as trije Koreanen de ôfstân.
De Olympyske Spelen yn Pyeongchang begjinne op freed 9 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.