Provinsje ree om te lobbyen foar 'haadfarwei'

06 feb 2018 - 16:39

De provinsje is ree mei de gemeente Amelân te lobbyen by it ryk, om fan de farwei fan Holwert nei It Amelân in 'haadfarwei' te meitsjen. Dêrmei soe it baggerjen fan de farwei de heechste prioriteit krije. De provinsje jout dêrmei ek gehoar oan de oprop fan direkteur Van Langen fan rederij Wagenborg.

Probleem

De farwei tusken Holwert en It Amelân is al lang in probleem. Sa moast Wagenborg moandei ek wer in pear ôffearten annulearje, omdat it te leech wetter wie. Eilanners steure har der bot oan en toeristen hawwe lêst fan de minne steat fan de farwei.

De provinsje hat grutte belangen, mar it offisjele foech leit by Rykswettersteat, seit deputearre Klaas Kielstra.

(advertinsje)