Sel easke tsjin fertochte oantaasting yn fersoargingshûs

De rjochtbank © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It iepenbier ministearje yn Ljouwert hat tiisdeitemiddei in selstraf fan tweintich moannen easke tsjin in 91-jierrige Ljouwerter. De man soe op 29 maart ferline jier in frou fan 93 jier oantaaste hawwe yn fersoargingshûs Sint Jozef. De fertochte wie sels net by de behanneling fan de saak oanwêzich. Hy koe dat neffens syn advokaat net oan.
De fertochte ûntkent net dat der wat bard is, mar seit dat it inisjatyf fan de frou kaam. De frou seit dat se twongen waard troch de man. In meiwurkster fan de ridende winkel hie de frou oantroffen mei in diel fan de klean út, wylst de fertochte oan har bêd siet. It dna fan de fertochte waard fûn op it lichem fan de frou.
De offisier fan justysje naam de saak tiisdeitemiddei heech op. Hy fynt dat de fertochte misbrûk makke hat fan de kwetsberens fan de frou. Hy frege de rjochtbank om de fertochte ûnder tafersjoch fan de reklassearring te pleatsen. Ek soe de Ljouwerter in ferbod krije moatte op it besykjen fan fersoargingshuzen en soe hy ferplichte behannele wurde moatte by de âldereinpsychiatry.
De rjochtbank yn Ljouwert docht op 20 febrewaris útspraak.