Oardel miljoen euro foar fernijingen yn de lânbou

De provinsje Fryslân stekt 900.000 euro yn in subsydzjeregeling om fernijingen yn de lânbou te stimulearjen. De regeling is foar boeren dy't plannen betinke om greidefûgels te beskermjen of de útstjit fan fosfaat te beheinen. De subsydzje kin oanfrege wurde troch boeren, ûndersikers en adviseurs en wurdt op 5 maart iepensteld.
Net allinnich de provinsje stekt der jild yn, ek de Europeeske Uny komt mei in bydrage. Mei-inoar is der dan goed oardel miljoen euro beskikber. Gadingmakkers moatte har foar 8 juny fan dit jier melde.