Hierhuzen yn Easterwâlde wurde kommende tiid opknapt

© De wyk Haerenkwartier yn Easterwâlde
De hierders fan goed 170 hierhuzen yn de wyk Haerenkwartier yn Easterwâlde moatte de kommende tiid rekken hâlde mei flink wat bouaktiviteiten yn har buert. Oan 127 wenningen wurdt grut ûnderhâld útfierd, 44 oaren wurde sloopt en ferfongen troch nijbou. Ofrûne simmer hawwe der al fjouwer bewennersgearkomsten west yn it Haerenkwartier. Doe hawwe de bewenners sels oanjûn wat der neffens har yn de wyk barre moat.
Saakkundigen hawwe de technyske steat fan de wenningen ûndersocht. Hoe't de takomstplannen der krekt útsjogge, stiet noch net fêst. In klankboerdgroep fan ûngefear tritich bewenners kin dêr noch oer meiprate. Der wurdt net allinnich yn de wenningen ynvestearre; mei de bewenners wurdt ek wurke oan it moaier, griener en feiliger meitsjen fan de wyk.