Van Booma fuort by swimbad

14 jun 2012 - 12:40

Ron van Booma is gjin eksploitant mear fan it swimbad op Skatzenburg yn Menaam. Dat hat de rjochter bepaald. Van Booma hat in ôfkeapsom fan 7000 euro krigen.

De eigener fan it kompleks, Piet Siderius, is no ek de eksploitant fan it bad. It swimbad is noch hieltyd net iepen foar publyk fanwege in konflikt fan de útbater mei de eigeners. Neffens Van Booma moat der earst flink ynvestearre wurde foardat it bad wer iepen kin.

(advertinsje)