Mûne Windlust yn Boerum krijt nije roeden
It wer yn gebrûk nimmen fan de mûne Windlust yn Boerum komt woansdei in flinke stap tichterby. Dan krijt de mûne nije roeden, dy't gjin gefaar mear opleverje. De mûne yn Boerum brânde yn april 2012 hielendal ôf. De mûne waard hielendal opnij wer opboud en koe yn septimber 2014 wer yn gebrûk nommen wurde. Mar in jier lyn moast de mûne dochs wer stilsetten wurde.
Problemen
De Rykstsjinst foar Kultureel Erfguod (RCE) hie konstatearre dat der mooglik problemen wiene mei bepaalde typen roeden, dy't tapast binne by 47 Nederlânske mûnen. Ek de mûne fan Boerum hie fan dy 'dielbere roeden'. Yn oerlis mei de mûnders hat de eigener fan de mûne besletten om de roeden hielendal te ferfangen.
Woansdei om healwei achten komt de kraan, om healwei njoggenen hinne komt de frachtwein mei de roeden. De tagong nei de mûne is mar smel. Dêrom wurde de roeden lost op de Herestraat en dan ien foar ien nei de mûne brocht. In spesjalisearre bedriuw sil de roeden dêrnei op de mûne sette.