Leafde fan boer Olke Jongsma út Texas ferstoarn

06 feb 2018 - 14:17

Karen, de freondinne fan de Fryske boer om utens Olke Jongsma út Texas, is ferstoarn oan kanker. Dat is bekend makke troch 'Boer zoekt Vrouw', it bekende telefyzjeprogramma dêr't Olke oan meidie. Yn it programma sels slagge it net om in frou te finen, mar koart dêrnei kaam Karen yn syn libben.

Ferline jier waard dúdlik dat sy slim siik wie. Yn desimber joech Jongsma yn in petear by Omrop Fryslân noch oan dat hy hope op in wonder. Olke en Karen hienen trouplannen, mar dat is der net fan kaam. Karen is 47 jier wurden.

(advertinsje)