FIDEO: Jonge liuwkes komme oan yn Nijeberkeap
Biste-opfang Felida yn Nijeberkeap hat moandeitenacht twa nije bewenners ferwolkomme yn har ferbliuw. It giet om twa jonge liuwkes: Masoud en Terez. De bisten binne fiif moannen âld en komme út in yllegale dieretún yn Bulgarije. Se wienen dêr ferstjitten troch harren âlden. De liuwkes wurde no yn Nijeberkeap opfongen.