Pisjen ophâlde ûnder wedstriid

14 jun 2012 - 12:26

Under de fuotbalwedstriid Nederlân-Dútslân hawwe Friezen tongersdei kwalik nei it húske west. Wetterliedingbedriuw Vitens meldt dat benammen yn de lêste tsien minuten fan de wedstriid de wetterdruk folslein fuortfoel, omdat hast gjin húskes mear trochspield waarden.

Nei it einsinjaal waard it húske wer manmachtich brûkt. Doe streamde der in rekôr oan wetter troch de liedings: sawat 6,7 miljoen liter yn de oere.

Trefwurden: 
Vitens
(advertinsje)