Minder panielen sinneboatrace

Dielnimmers oan de Frisian Solar Challenge moatte mei minder sinnepanielen op de boat ta. Dat hat de organisaasje fan de sinneboatrace tongersdei bekend makke. Troch nije techniken kinne sinnepanielen hieltyd mear enerzjy opwekke. Om de striid yn de ferskate klassen suver te hâlden binne dielnimmers ferplichte om mei minder panielen te farren.
Oan de race dogge dit jier fjirtich teams mei. Twa hawwe ôfsein. De race begjint op 8 july. De Noardlike Hegeskoalle Ljouwert docht ek mei.
De technyske keurings en de fartesten wurde tenei dien by de Grutte Wielen en net langer by de Froskepôle yn Ljouwert.