Folle mear tsjerkûlen oerlibje lâns de A7 by Beetstersweach

06 feb 2018 - 12:05
  • Johan de Jong
  • Ferslachjouwer Geert van Tuinen by de A7

De maatregel dy't betocht is om it oantal ferkearsslachtoffers ûnder tsjerkûlen te ferminderjen, lâns de A7 by Beetstersweach, liket effekt te hawwen. By de autodyk binne spesjale peallen delsetten, mei dwerslizzers derop. Dy binne folle heger as de hektometerpealtsjes by de dyk. Dêr sieten de ûlen oars faak op, mar dêrwei hiene se it dreech om op te fleanen.

De maatregel is betocht troch ûlekenner Johan de Jong fan Oerterp. Earder foelen der mear as 30 slachtoffers. Neidat de peallen pleatst binne, binne der noch mar twa ûlen ûnder de auto kaam.

Trefwurden: 
tsjerkûle A7 Beetstersweach
(advertinsje)