Gordykster rekket auto kwyt oan belestingtsjinst

06 feb 2018 - 11:26

In 46-jierrige man fan De Gordyk is moandeitejûn syn auto kwytrekke. De man waard by in kontrôle op de Hobbemastrjitte yn Ljouwert oan de kant set. Al gau die bliken dat de man bekend stiet as wanbeteller by de belestingtsjinst. De plysje hat syn auto om dy reden foar de belestingtsjinst yn beslach naam.

Trefwurden: 
beslach
(advertinsje)