Takom wykein premjêre fan foarstelling Holstmeer

06 feb 2018 - 11:13

De foarstelling Holstmeer giet takom wykein yn premjêre. It wie de earste útferkochte Kulturele Haadstêd-aktiviteit. Finzenen en famkes dy't slachtoffer binne fan húslik geweld, minskehannel of loverboys, spylje mei-inoar yn it teäterstik. It publyk wurdt mei bussen út Neushoorn yn Ljouwert ophelle en dêrnei nei finzenis de Marwei brocht foar in part fan it stik. Dêrnei gean de taskôgers nei Fier Fryslân, dêr't de famkes in pear sênen spylje.

It lêste diel fan it trijelûk fynt plak yn it plysjeburo, dêr't akteurs fan De Jonge Republiek it stik ôfslute.

(advertinsje)