Marco Bizot nei FC Grins

14 jun 2012 - 11:43

Marco Bizot ferhuzet nei FC Grins. De keeper waard it ôfrûne jier troch Cambuur hierd fan Ajax. Hy makke in protte yndruk en de stap nei de earedivyzje is dan ek net frjemd. Bizot hie noch in kontrakt fan ien jier by Ajax, mar dat hat Grins ôfkocht. Bizot tekenet foar twa jier mei in opsje foar noch twa seizoenen. By de Grinzers moat hy de konkurrinsje oangean mei Luciano.

Cambuur rekke ek twadde keeper Robbert te Loeke kwyt oan Veendam. Yntusken ha de Ljouwerters mei Dennis Telgenkamp en Leonard Nienhuis twa nije keepers oanlutsen.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(advertinsje)