Takomst Fryske kultuerferieningen net roaskleurich

06 feb 2018 - 10:54
  • Ymkje Woudstra fan it Planburo

Fryske kultuerferieningen driigje te fergriizjen. Ien op de trije leden is âlder as 65 jier en dêrmei komt neffens it Frysk Sosjaal Planburo de takomst faai te stean. Tegearre mei Keunstwurk ûndersocht it Planburo 300 kultuerferieningen dy't dwaande binne mei dûns, toaniel en muzyk. Foar de koarte termyn sjogge de ûndersikers gjin grutte problemen, mei om't minsken âlder wurde en langer aktyf binne. De situaasje is benammen foar de lange termyn soarchlik, sizze de ûndersikers.

Foaral muzyk- en dûnsferieningen sjogge yn de takomst problemen mei it oanlûken fan nije leden. Toanielferieningen binne it meast posityf oer harren takomst. It is foar it earst dat dit ûndersyk dien is. De inisjatyfnimmers wolle dit yn de takomst faker dwaan.

(advertinsje)