Ek ferslavingssoarch docht oanjefte tsjin tabaksyndustry

Ferslavingssoarch Noard-Nederlân is ien fan de tsien ynstellingen foar ferslavingssoarch dy't oanjefte dogge tsjin de tabaksyndustry. De ynstellingen slute harren dêrmei oan by eardere oanjeften, ûnder mear troch sikehuzen lykas it Antoni van Leeuwenhoek en it Grinzer UMCG.
Neffens de ynstellingen is tabaksferslaving in slimme ferslavingssykte, dy't in soad skea oan de sûnens oanrjochtet.