Jesse Klaver: "Amsterdam moat útwreiding Lelystêd keare"

It fleanfjild by Lelystêd. © ANP
De gemeente Amsterdam moat de útwreiding fan it fleanfjild by Lelystêd keare. Dat seit GrienLinks-foaroanman Jesse Klaver. Amsterdam besit 20 prosint fan de oandielen fan Schiphol, dat op syn beurt eigener is fan Lelystêd Airport. It regear wol dat Lelystêd in diel fan de fakânsjeflechten fan it drokke Schiphol oernimt.
GrienLinks neamt it ôfskowen fan dy drokte asosjaal. Neffens Klaver moat it nije gemeentebestjoer nei de gemeenteriedsferkiezingen as ''aktivistysk oandielhâlder'' de útwreidingsplannen keare. Utwreiding fan it oantal flechten op Lelystêd leit ek yn Fryslân gefoelich, om't it suden fan ús provinsje lêst kriget fan leechfleanende tastellen.