Dútser yn gesicht slein

14 jun 2012 - 11:24

Op de Iewâl yn Ljouwert hat in Dútske man nei de wedstriid fan Oranje tsjin Dútslân in klap yn it gesicht krigen. De dieder wie in ûnbekende man dy't noch troch de plysje socht wurdt.

De Dútser moast him yn it sikehûs behannelje litte. Neffens de plysje hawwe der fierders gjin ynsidinten west. Wol moast de plysje yn Ljouwert in groep Dútsers ûnder kontrôle hâlde, neidat dy in hoarekagelegenheid net yn mocht.

Trefwurden: 
Oranje Dútser
(advertinsje)