Kollum: "Fan bûgjen frjemd"

"It hat wat fan in firus, de oandriuw om alles dat minsken en ynstânsjes net noasket it swijen op te lizzen, fuort te heljen of sa fierhinne te kontrolearjen dat men prate kin fan sensuer. Big Brother is al lang gjin fiksje mear. Soks is it dúdlikst waar te nimmen as it om politike korrektens giet, kulturele korrektens of persoanlike uteringen op it ynternet, hoe ûnbetsjuttend soms ek.

De trije aapkes fan de sensuer hjitte Ferbiede, Fuorthelje en Snútslaan. In pear foarbylden om dúdlik te meitsjen wêr’t ik it oer ha. In keunstgalery yn Manchester hat in skilderij út de 19e iuw fuorthelle, omdat it wurk gjin goed byld fan ‘de frou’ jout. It giet om ‘Hylas and the Nymphs’ fan John William Waterhouse. It lit in sêne út de antike mytology sjen, wêryn’t in man troch bleate nimfen yn de fiver fan ’e dea lokke wurdt. Kurator Clare Gannaway fan de galery wol mei har died in debat útlokje oer hoe’t sokke keunstwurken hjoed-de-dei sjoen en besjoen wurde moatte. Dat klinkt hiel hip en trendy, mar foar my is dat kleare bullshit. Fjirtjin dagen lyn ha ik it oer skiednisterreur hân, en soks is wat my oangiet kulturele terreur. Want wat is it ferskil tusken sa’n aksje en in berucht begryp as ‘Entartete kunst’?

Noch in foarbyld dat yn it ferlingde hjirfan leit. De Olympyske Winterspelen begjinne hast, en dat hâldt yn dat alle lannen harren ploegen spesjaal yn ’e klean stekke. It Noarske ski-team hat begelyks in moaie swart-grize trui krigen. Op dy trui stiet in symboal fan harren mytologysk erfguod, nammentlik de rune Tyr. De betsjutting fan dy rune is werom te finen yn de Alde Edda. Dêryn seit de Walkure Sigrdrifa tsjin de held Sigurd dat as er winne wol yn de striid, hy de rune fan Tyr yn syn swurd ritse moat, de oerwinningsrune. Hartstikke moai, sa’n earesalút oan jins kulturele rykdom. Lykwols ha de Nazys dy rune ek misbrûkt foar harren nefaste ideology, krekt as guon hjoeddeiske rjochts-ekstreme groepearrings.

Is dat in reden om dy truien net mear oan te dwaan? Hilde Midthjell, de CEO fan it bedriuw dat de truien leveret, seit fan net. ‘Neo-nazys ha ek mei de Noarske flagge rûn. Dat bestjut toch net dat wy dy flagge net mear brûke, of wol soms?’ De spiker op de kop. Likegoed hat de kulturele terreur syn wurk al wer dien, want in part fan it Noarske team sil de trui net oan dwaan mei de Spelen.

En sa woekeret it firus fan de sensuer almar fierder. Facebook bygelyks hat in team dat The Cleaners hjit, en aktyf yngrypt en sensurearret op kontent. Ik bin grif de iennichste net dêr’t wol ris in plaatsje fan ferwidere wurden is, en in warskôging krigen hat. Sa binne der ek tal bedriuwen dy’t harren wurknimmers online yn ’e gaten hâlde, en harren oansprekke of straffe as se fine dat dat moat.

Frijheid en persoanlike yntegriteit stean ûnder druk. En it iennichste dat wy dwaan kinne is de rêch rjocht hâlde, net it near oplizze litte en dat iene, âld-Fryske biedwurd foar eagen hâlde: Fan bûgjen frjemd. En set dêr de rune fan Tyr mar neist."

06 feb 2018 - 7:23
(advertinsje)