Fryske dielnimmers oan de Spelen: Antoinette de Jong

Antoinette de Jong © awfoto.nl
Oer trije dagen is it safier, de Olympyske Spelen yn Pyeongchang (Súd-Koreä). Fansels komt der ek in flink tal Friezen yn aksje by it reedriden en de shorttrack. Mar wa binne dat, wat binne harren bêste prestaasjes by de Olympyske Spelen en wat binne de kânsen op in medalje?
Sportredakteuren Koos Wieling en Roelof de Vries dogge de kommende wike alle dagen in foarsizzing oer in Fryske Olympyske sporter. Hjoed it oardiel oer Antoinette de Jong.
Namme: Antoinette de Jong
Wenplak: Rottum
Bertedei: 06-04-1995
Sport: reedriden
Ofstannen: 3000 meter en ploege-efterfolging
Olympyske resultaten: 2014 Sotsji - 7e op de 3000 meter
De kânsen fan Antoinette de Jong neffens sportferslachjouwer Koos Wieling:
Antoinette is gjin talint mear, se is in topper by de froulju. De wrâldkampioen by de junioaren fan 2014 waard dit seizoen Nederlânsk kampioen op de 3000 en 5000 meter. Ek wûn se de 3000 meter op it OKT. Kwalifikaasje op de 1500 en 5000 meter mislearre en dat die sear. Alles moat no binnen helle wurde op de 3000 meter en mei de ploech. En dat soe samar kinne.
De Olympyske Spelen yn Pyeongchang begjinne op freed 9 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.