Boargemaster: "Farwei It Amelân moat gjin karrespoar wurde"

05 feb 2018 - 23:02

It farwetter tusken Holwert en It Amelân moat offisjeel in 'haadfarwetter' wurde. Direkteur Ger van Langen fan rederij Wagenborg ropt de ried fan It Amelân op om him dêr hurd foar te meitsjen. Van Langen hold in flamjend betooch oan it begjin fan de riedsgearkomste fan moandeitejûn. Hy hat grutte soargen oer de berikberens fan it eilân, krekt lykas de ûndernimmers op it eilân en de eilanner befolking.

De fearboaten kinne te faak net op 'e tiid farre, omdat der net genôch wetter stiet yn de geul of by de feardaam by Holwert, sadat de boat net oanlizze kin. Snein en moandei foelen dêrtroch seis boaten út. Van Langen freget him ôf oft it eilân oer fiif jier noch wol berikber is, as it sa trochgiet.

Helte minder boatpassazjiers

De direkteur sketst de problemen dêr't de feartsjinst foar stiet. Alle jierren set Wagenborg 600.000 minsken oer, en as de boaten allinnich noch mar mei heech wetter farre kinne, bliuwt dat net sûnder gefolgen. Van Langen is der bang foar dat er maksimaal 350.000 minsken oersette kin, as er mei leech wetter net mear farre kin. "De consequenties zijn enorm" sei Van Langen tsjin de riedsleden. Hy fynt dat se har 'mei alle macht' fersette moatte.

Sûnt 1 jannewaris fart de feartsjinst neffens in saneamde knip-tsjinstregeling. Om it middeisoere hinne giet de boat in healoere letter fuort, sadat de middeisboaten minder lêst hawwe fan fertragingen dy't moarns ûntstien binne. Fertragingen dy't middeis oprûn wurde, soargje likegoed noch foar oerlêst. De knip is in koartetermynoplossing, krekt lykas de sneltsjinst dy't Wagenborg op 1 april yn de feart nimt.

Natuerregels

Van Langen hopet dat de gemeente as ien man foar de berikberens fan it eilân knokke wol. Hy wie de ôfrûne wike yn Den Haach, by de Onderzoeksraad voor de Veiligheid, en by lobbyisten. Dy seinen tsjin him dat der mar ien gremium oan set is, en dat is de gemeenteried fan It Amelân.

De ried moar gjin tiid fergrieme mei diskusjes oer in Eigen Feartsjinst. Dat liedt allinne mar ôf, fynt boargemaster Albert de Hoop. Natuerregels stean in rigoreuze en goede oplossing yn it paad, set De Hoop. "Daarom kan in dit gebied niks."

Karrepaad

De boargemaster bringt kear op kear yn Den Haach ûnder de oandacht dat de farrûte in iepenbiere wei is, dat de eilanners lykas alle oare Nederlanners belesting betelje, en dat it ryk derfoar soargje moat dat it eilân berikber bliuwt. "Wij hebben recht op een normale weg en niet op een karrenpad." seit De Hoop.

As de farrûte as haadfarwei bestimpele wurdt, krekt as de farrûte tusken Harns en Skylge, dan is it oplost. Dan is de farwei gjin natuergebiet mear, en kin er ûnderholden wurde sûnder belemmeringen fan natuerregels.

Van Langen giet de kommende wiken by alle riedsfraksjes del. Hy hopet dat it ûnderwerp in item wurdt yn de kommende gemeenteriedsferkiezingen, en dat it nije kolleezje nei 21 maart in dúdlike opdracht meikrijt. "Ameland bereikbaar en de vaargeul een hoofdvaarweg. Dat is het doel."

Trefwurden: 
It Amelân
(advertinsje)