Assaidi praat mei Galatasaray

14 jun 2012 - 11:18

Oussama Assaidi is troch Turkse media sjoen yn Istanbul. De oanfaller fan SC Hearrenfean wie yn petear mei in ôffeardiging fan de topklup Galatasaray. Neffens de Turkse media stiet tongersdei in twadde petear pland mei de kampioen fan Turkije..

Assaidi skoarde it ôfrûne seizoen 10 kear en hie sân assists. Syn kontrakt rint noch ien seizoen troch, mar Hearrenfean stiet posityf tsjinoer it fuortgean fan de Marokkaansk ynternasjonal. Hearrenfean soe in transferbedrach freegje fan sa'n fiif miljûn euro.

--------------------------------------------------------------------------------

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(advertinsje)