Beswier fan tafel fage, wetterpeil Lauwersmar mei heger

It wetter yn it Lauwersmargebiet giet mei in heale meter omheech. Boeren en rekreaasjeûndernimmers wiene dêrop tsjin, mar de rjochter hat de protesten ôfwiisd. Dat betsjut dat in proef fan Steatsboskbehear trochgean kin. Steatsboskbehear tinkt dat in heger wetterpeil better is foar de natuer, benammen foar de reiden.
Earder hiene de tsjinstanners ek al in saak tsjin de peilferheging oanspand by de Ried fan Steat, mar dat hat se ek net holpen. De leden fan de Ried fan Steat oardielen dat se it foech net hiene om dêr in oardiel oer te jaan.
Boeren, ûndernimmers en omwenners út it Lauwersmargebiet begripe der neat fan dat de rjochter no alle beswieren fan tafel fage hat. Se binne tsjin, omdat se bang binne dat it hegere wetterpeil min is foar de greiden en de ikkers, dat wenningen ûnderstrûpe by heech wetter, en dat jachthavens en rekreaasjegebieten grutte skea oprinne sille.
It Nederlânsk Ikkerboufakbûn giet noch in stap fierder. Se eaksje kompensaasje. "Wij zijn er duidelijk over: als beheerders van natuurgebieden eisen dat ze geen last hebben van omliggende landbouwgronden, dan mogen de agrariërs eisen dat ze geen last hebben van omliggend natuurgebied."
Oft de tsjinstanners yn heger berop geane tsjin de útspraak fan de rjochter, dêr beriede se har noch op.