Hast de helte fan de weiwurkers fielt him ûnfeilich

05 feb 2018 - 22:11

Minsken dy't oan de dyk wurkje, fiele harren lang net altyd feilich as se oan it wurk binne. Dat docht bliken út in enkête. Fjouwer op de tsien weiwurkers fielt him ûnfeilich. In publykskampanje moat dêr feroaring yn bringe.

De kampanje is net allinne rjochte op autobestjoerders, dy't soms fierste hurd by de wurksumheden del ride, mar ek op de weiwurkers sels. Want dy kinne ek noch wol wat dwaan om de feilichheid te ferbetterjen. Dat seit Pieter van der Vaart, fan de provinsje Fryslân. Syn taak is de ynspeksje fan de diken. 

"Ik kom hiel faak by wurksumheden dêr't net alle meiwurkers in feiligensjaske oan hawwe", seit Van der Vaart. "Dêr bin ik ferantwurdlik foar, dus ik sis der altyd wat fan. It binne benammen jonge meiwurkers dy't bystjoerd wurde moatte."

Van der Vaart fielt him sels ek net altyd like feilich, as er oan it wurk is: In soad ferkearsdielnimmers hâlde gjin rekkening mei wei-ôfsettingen. Se komme hurd oanriden en wikselje faak op it lêste momint noch gau efkes fan rydbaan,

Alle dagen makket Van der Vaart mei dat ferkearsdielnimmers gjin begryp hawwe. Minsken binne hieltyd hastiger en se ride hiel ticht op de foargonger. Van der Vaart hat ris in autobestjoerder meimakke dy't poer wie, want hy wie by in weiôfsetting flitst troch de plysje. De bestjoerder sei dat er him net oan de limyt hâlden hie, want op dat stuit waard der net wurke oan de dyk, sa fertelt Van der Vaart.

"Hij was aan het schelden en aan het tieren. Dat vind ik echt ongelofelijk. Ook als er niet aan de weg wordt gewerkt bij een afzetting, moet je je aan de snelheid houden. Er kan zomaar een gat in de berm zitten. Of er is geen veilige uitvlucht voor de weggebruikers. Er is altijd een goede reden voor."

Trefwurden: 
weiwurkers dyk wei
(advertinsje)