Jong Hearrenfean set Feyenoord op achterstân
De beloften fan Jong Hearrefean hawwe moandeitejûn mei 5-0 wûn fan Jong Feyenoord. De doelpunten wienen fan Ivan Rako, Emil Frederiksen, John Iredale, opnij Ivan Rako, en as lêste skoarde Tristan Borgers, út in strafskop. Nije wike spilet Jong Hearrenfean opnij tsjin Feyenoord. Dan út, yn Rotterdam.