Noarden giet foar Tesla: 'Hi Elon! Let's do business'

05 feb 2018 - 20:57

Foar it haadkertier fan Tesla yn San Fransisco yn Noard-Amearika hawwe de trije noardlike provinsjes in elektroanysk billboard pleatst mei dêrop de tekst: Hi Elon! Got 20.000 electric cars? Let's do business. Call us.

Dit is de tredde faze yn de kampanje Top Dutch fan ûndernimmers en politisy út Fryslân, Grinslân en Drinte. Sa moat de lieding fanTesla derfan oertsjûge reitsje in fabryk yn Noard-Nederlân te bouwen. Tesla is dwaande mei plannen foar de bou fan in grut fabryk yn Europa. De komst soe in grutte ympuls wêze foar de ekonomy, mar ek foar it bedriuw sels. Neffens De Rouwe is der goede hannel te dwaan. Sa is der in merk foar de ferkeap fan 20.000 elektryske auto's en 5 miljoen sinnepanielen.

As Musk it nûmer bellet, kriget er in bantsje te hearren mei dêrop in tal opsjes. As er op 1 drukt kin er in boadskip ynsprekke en kin der saken dien wurde, seit deputearre Sander de Rouwe. Opsje 2 is foar minsken dy't in boadskip foar him hawwe. Dy wurde publisearre op ynternet. Yn de eardere kampanje fan Top Dutch waard minsken frege oft se by Tesla wurkje woene Dat smiet goed trijetûzen reaksjes op.

Trefwurden: 
Tesla
(advertinsje)