Ferwûnen by stekkerij Ljouwert

14 jun 2012 - 11:10

De plysje hat twa Ljouwerters oanhâlden fanwege stekkerij. Dy wie yn in hûs oan de Prinsessenwei yn Ljouwert. Nei in melding fûn de plysje dêr de ferwûne 39-jierrige bewenner. Dy sei dat er stutsen wie troch in 50-jierrige plakgenoat. De bewenner waard nei it sikehûs brocht. Dêr wie de 50-jierrige plakgenoat ek, omdat dy by de stekkerij ek ferwûne rekke wie.

Beide Ljouwerters binne nei behanneling foar fierder ûndersyk troch de plysje oppakt. Yn it hûs is spoare-ûndersyk dien.

Trefwurden: 
stekkerij
(advertinsje)