Underwiisdei Friesland College: Mata Hari is hip!

05 feb 2018 - 19:56

It tilde moandei op fan de jongerein yn it Fries Museum. Oanlieding wie de ûnderwiisdei fan it Friesland College yn gearwurking mei it museum. Studinten event-management fersoargen yn in trochrinnend programma ferskate presentaasjes, in moadeshow, livemuzyk en de ferkiezing fan de 'Next Mata Hari'.

Studinte Sara Leeghwater fertelde dat se, foar't it projekt úteinsette, eins nea yn in museum kaam. No is se optein oer wat der allegearre te finen is. It ynteraktive karakter fan in soad útstallingen en de digitale tagonklikens makket it ek nijsgjirrich foar in soad jongeren. De kreative ûnderdielen fan de DDrive-oplieidingen blykten goed oan te sluten by de útstalling 'Mata Hari: de mythe en het meisje'. De útstalling is al in pear moanne in súksesnûmer yn it Fries Museum, mar it wiene benamme senioaren dy't derop ôf kamen. Moandei die bliken dat it ek oars kin, want 'Mata Hari is hip!'

Trefwurden: 
Mata Hari Fries Museum
(advertinsje)