Nije donorwet stap tichterby troch akkoart Ten Hoeve

05 feb 2018 - 19:47

De Fryske senator Hendrik ten Hoeve giet akkoart mei it wetsfoarstel fan D66 oer de donorregistraasje. Dat sei Ten Hoeve yn It Polytburo. Tiisdei praat de Earste Keamer fierder oer de wetswiziging. Dy komt derop del dat wa't net oanjout dat er gjin orgaandonor wêze wol, dat dan automatysk wol is. Dat giet de tsjinstanners te fier. Sy wize op it grutte tekoart oan donororganen. De stimming is nije wike. Mei it 'ja' fan Ten Hoeve is it goed mooglik dat de foarstanners fan de wet krekt de mearderheid krije.

Twadde Keamerlid en inisjatyfnimster fan de wetswiziging Pia Dijkstra (D66) hat de wetswiziging mei muoite troch de Twadde Keamer krige en no bûcht de Earste Keamer him dêroer. Dêr leit it tal foarstanners en tsjinstanners ek ticht byinoar. Dijkstra hat by wize fan hânrikking in brief nei de Earste Keamer stjoerd dêr't yn stiet dat de neibesteanden it lêste wurd hâlde. Dêrmei is foar Ten Hoeve in grutte behindering weinaam. De Senaat praat tiisdei fierder oer it wetsfoarstel en it brief fan Pia Dijkstra. Ten Hoeve (FNP) sit as iennige foar de Unôfhinklike Senaatsfraksje yn de Earste Keamer.

(advertinsje)