Swierferwûne by fal út rút

14 jun 2012 - 11:03

In 20-jierrige ynwenner fan Beetstersweach is woansdei swierferwûne rekke. De man waard socht troch de plysje, neidat er dronken troch in tún oan De Greiden yn syn wenplak riden wie.

Doe't de plysjes by syn hûs oanbellen, die er net iepen. Se regelen dêrop in hússikingsbefel. Underwilens kaam de melding fan buorlju dat de man út in rút fallen wie en sân meter leger op 'e grûn lei. De man is mei de traumahelikopter nei it universitêr sikehûs yn Grins brocht. De plysje ûndersiket oft er fallen is of sels sprongen.

Trefwurden: 
Beetstersweach rút
(advertinsje)