Bestelauto klapt op fangrail op A32 by It Hearrenfean

05 feb 2018 - 18:05

In bestelauto is moandeitemiddei op de A32 by It Hearrenfean tsjin de fangrail riden. De bestjoerder is neisjoen troch ambulânsepersoniel. Oer hoe't de persoan der krekt oan ta is, is noch neat bekend. De brânwacht waard ek oproppen, mar dy hoegde net yn aksje te kommen omdat der gjin sprake wie fan bekniping. 

It ûngelok barde yn de ryrdrjochting It Hearrenfean-Wolvegea. Twa rydbanen waarden ôfset en it ferkear moast oer de baan dêr't de auto's oer de dyk opriden komme. Dat spoarge foar in soad opûnthâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)