Ekstra foarstellingen De Stormruiter ek útferkocht

05 feb 2018 - 16:55

De sân ekstra foarstellingen fan it muzykteäterspektakel De Stormruiter binne útferkocht. Om 11.00 oere sette de ferkeap fan de ekstra foarstellingen moandei útein. Binnen in heale dei wiene de kaarten fuort. Fan it begjin fan de ferkeap ôf wie it tige drok op de webside. Somtiden stiene der tûzenen minsken yn de wacht.

Der komme no net noch mear foarstellingen, seit de organisaasje. Dat past net mear binnen it programma. De iennige manier om noch oan kaarten te kommen is de site yn de gaten te hâlden yn de hoop dat reservearringen mooglik net trochgeane. Meielkoar binne 100.000 kaarten ferkocht fan De Stormruiter. It is de grutste produksje fan Kulturele Haadstêd 2018.

(advertinsje)